Opskuor om dvd Rommy: opbringsten binne foar grêf, mar famylje is net ynljochte

06 okt 2019 - 21:11

Der is opskuor oer it útbringen fan in dvd fan de yn 2007 ferstoarne folkssjonger Rommy Henstra. De dvd wurdt útbrocht troch Gooitzen de Haan, ek wol bekend as De Stille Genieter. Hy wie in maat fan Rommy. Op de promoasjeposter stiet dat de opbringsten nei it ûnderhâld fan Rommy syn grêf geane en dêr stekt it, want de famylje fan Rommy is dêr net oer ynljochte.

Foto: De Stille Genieter

"Al tolve jier freegje de fans oan my wannear't dy dvd komt", fertelt De Haan. "No is it aanst 12,5 jier lyn. Dus ik kaam mei in poster, dêrop stiet '12,5 jaar Eerbetoon Rommy, de baten worden aangewend voor onderhoud van Rommy's graf'. Dat hâldt yn, as oer 50 of 75 jier gjinien mear by it grêf fan Rommy komt, dan rêdt de begraffenisferiening dermei. Dan stiet der altyd noch in jildpotsje fan De Stille Genieter."

De dvd wurdt 2 novimber presintearre op in feestjûn op De Harkema. Mar it is dus net oerlein mei de famylje en dat is net goed fallen, wurdt dúdlik út de reaksjes op de Facebookpagina fan Gooitzen de Haan.

De hiele famylje wist der neat fanôf, der hat gjin oerlis west.

Tjeerd Henstra, soan fan Rommy

Tjeerd Henstra, in soan fan Rommy, leit út: "We binne der net bliid mei dat op de poster stiet dat it foar it grêf fan ús heit is. De hiele famylje wist der neat fanôf. Der hat gjin oerlis west mei de famylje. De dvd fine we prima, dy hele feestjûn ek. Mar hy hie wol even sizze kinnen dat it foar it grêf is. We kinne dat ûnderhâld sels wol betelje."

De famylje fan Rommy kaam der pas efter doe't se de poster seagen. "It stie samar op ynternet", seit Henstra. "Doe hat myn broerke op ynternet set dat we it net leuk fine, want wy witte fan neat. No is it in oar ferhaal, seit er dat de opbringsten foar letter binne. Mar dat stiet net op de poster."

Op eigen houtsje dien

It is yndie net oerlein mei de famylje, jout De Haan ta. "Ik ha dit op myn eigen houtsje dien. De famylje mei it sels ek wol ûnderhâlde, dan hoech ik der net mear hinne. Gjin probleem. Mar ik doch dit foar myn freon, Rommy. Ik stoart de opbringsten gewoan op in rekkening. Dy sinten kinne se brûke as der gjinien mear komt. Dan stiet der noch in potsje foar de begraffenisferiening om it op te rêden."

De opskuor op Facebook baalt De Haan ek fan. "Elkenien wit wol wat it is: in roddelblêd. Se meie graach ien de grûn yn traapje. Mar se moatte minsken rjocht yn de eagen sjen."

Henstra bliuwt derby: "Gooitzen hie kontakt mei my opnimme moatten." Hy baalt derfan dat it no sa op sosjale media stiet. Fierder fynt er dat it no wol klear is: "Der hoecht hielendal neat te gebeuren, wat ús oanbelanget. It iennichste wat we sein ha: net leuk dat er gjin kontakt mei ús hân hat. Us heit hat noch in broer, twa susters en fiif bern. Gjinien wit derfan. Dat sit ús wat dwers ja, dat is it iennige."

Gau ferjitte

Dat de dvd der komt, fynt Henstra prima. "As it mar foar ús heit is. Dat is fantastysk, dêr ha we gjin problemen mei. Ik hoopje dat dit allegear wer hiel gau fergetten is."

Gooitzen de Haan en Rommy syn soan Tjeerd Henstra

(advertinsje)
(advertinsje)