Boatsje yn de problemen op Sleattemer Mar

It patrûljeskip fan de skipfeartynspeksje hat snein twa froulju holpen dy't mei harren boatsje yn de problemen sieten op de Sleattemer Mar.
It boatsje wie kantele en it slagge de froulju net om 'm wer oerein te krijen.
Nei't de ynspeksje se holpen hie, krigen de froulju by de ferwaarming in waarme kop sop. De boat waard nei de haven sleept, skriuwt de ynspeksje.