Boeren komme op 16 oktober mei nije aksje

06 okt 2019 - 21:32

Nederlânske boeren komme op woansdei 16 oktober mei in nije aksje. Dêrby soene twa kear safolle trekkers belutsen wêze as by it protest op 1 oktober. Fryske boeren slute harren oan by de aksjegroep Farmers Defence Force.

Boeren protestearje op it Maliefjild yn Den Haag - Foto: ANP

De groepen efter de aksje wolle noch gjin details frijjaan. Wol sizze se dat se net fan doel binne om aksjes te fieren op of by Schiphol. Earder gongen der geroften dat de luchthaven it doel fan nije aksjes wurde soe.

'Publyksfreonlik'

It presise doel en plak fan de nije aksje is noch net bekend. Wol is bekend dat it in publyksfreonlike aksje wurde moat.

Sneon kaam Agractie, de organisaasje efter de aksje op 1 oktober, al mei it berjocht dat der twa nije aksjes komme. Dy fine oer fjouwer oant seis wiken plak, skriuwt Agractie.

Trefwurden: 
lânbou Den Haag boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)