LDODK ferrassend ûnderút yn lêste fjildwedstriid fan it jier

06 okt 2019 - 16:05

De kuorballers fan LDODK ha snein ferrassend ferlern op besite by Blau-Wyt Amsterdam. It waard 15-13 foar de Amsterdammers. Troch it ferlies sakket LDODK nei it tredde plak yn de Eareklasse A.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

It begjin fan de wedstriid wie ek al foar de Amsterdammers. Dy kamen mei 4-1 foar en even letter ek mei 7-4. LDODK kaam werom oant 7-7, mar krekt foar it skoft naam Blau-Wyt de lieding wer. Alle treffers fan LDODK yn de earste helte waarden makke troch Erwin Zwart (4) en Christiaan Dekkers (3).

Twadde helte

Yn de twadde helte liken de Gordyksters oarder op saken te stellen. De ploech fan Henk-Jan Mulder naam de lieding oer en stie op in stuit mei 13-11 foar. Erwin Zwart skoarde seis kear.

Dêrnei wie it dien mei de produksje fan LDODK yn in reinich en winich Amsterdam. De thúsklup skoarde noch wol fjouwer kear, ûnder oare mei wat strafworpen, en wûn de wedstriid sadwaande mei 15-13.

LDODK no tredde

It is it twadde ferlies fan LDODK yn fiif wedstriden. Earder wie koprinner PKC al mei ien puntsje te sterk. Troch it ferlies yn Amsterdam wurdt LDODK yn de stân ek ynhelle troch Blau-Wyt. De Amsterdammers steane no twadde, LDODK tredde.

Marloes Frieswijk fan LDODK spile ferline seizoen noch foar Blau-Wyt

Top fan de Eareklasse A nei fiif wedstriden

Punten Doelsaldo
1. PKC 10 118 - 73
2. Blau-Wyt 8 87 - 77
3. LDODK 6 97 - 84
4. Fortuna 4 70 - 90
5. KCC 2 75 - 89
6. AW/DTV 0 71 - 105

Blau-Wyt Amsterdam - LDODK wie de lêste wedstriid fan it earste diel fan de fjildkompetysje. Yn novimber begjint de Kuorbal League, it sealseizoen.

De ploegen ha no fiif wedstriden spile. Nei de winter folgje noch fiif wedstriden. De bêste twa pleatse harren foar de krúsfinalen tsjin de top-twa fan de Eareklasse B. Ferline jier helle LDODK de finale fan de fjildkompetysje, mar dy ferlearen se fan DOS'46.

(advertinsje)
(advertinsje)