Gjin sukses mountainbikester Tauber yn testwedstriid op olympysk parkoers

06 okt 2019 - 15:14

In lyts jier foar de Olympyske Spelen yn Japan hat mountainbikester Anne Tauber net ymponearje kinnen by in testwedstriid op it olympyske parkoers. De Oranjewâldster waard achttjinde, op in lytse sân minuten fan winner Jolanda Neff út Switserlân.

Anne Tauber op it olympyske parkoers yn Izu, Japan - Foto: ANP

De olympyske baan leit yn Izu, sa'n twa oeren súdwestlik fan Tokio. Dêr stride de mountainbikesters op 28 july takom jier om olympysk goud. By de testwedstriid gong de oerwinning dus nei Neff. Sina Frei, ek út Switserlân, waard twadde en it tredde plak wie foar de Nederlânske Anne Terpstra.

Terpstra en Tauber hearre takom jier yn prinsipe beide by de kânshawwers op in medalje. Se waarden dit jier respektyflik fjirde en sechsde yn de einstân fan de wrâldbeker.

(advertinsje)
(advertinsje)