Primeur foar Nyck de Vries yn Japan

06 okt 2019 - 14:57

Autokoereur Nyck de Vries hat mei Racing Team Nederland foar in primeur soarge yn Japan. By de Seis Oeren fan Fuji kaam it team as earste oer de streek yn de LMP2-klasse fan it 'WK endurance'.

De foarsprong fan Racing Team Nederland op de konkurrinsje wie grut. De Vries, dy't ferline wike noch de titel pakte yn de Formule 2, ried de wein oer de finish. De ploechgenoaten fan de Twellingeaster wiene Giedo van der Garde en Frits van Eerd.

Surrealistysk

"Dit is een beetje surrealistisch", sei De Vries nei ôfrin. "Dit konden we niet verwachten en hadden we niet durven dromen. De auto en het team waren fantastisch."

De race yn Japan wie de twadde yn it kampioenskip. De earste race wie op it sirkwy fan Silverstone. Dêr waard Racing Team Nederland tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)