D66-fraksje Súdwest-Fryslân hat keamerlid Tjeerd de Groot útlis frege oer útspraken

06 okt 2019 - 14:10

De fraksje fan D66 yn de gemeente Súdwest-Fryslân wie net bliid mei de útspraken fan partijgenoat en Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot oer de boeren yn Nederlân. De Groot sei dat de feesteapel yn Nederlân troch de helte moat en dat wie foar in soad boeren de drip dy't de amer oerrinnen die, mei de grutte protestaksje fan ôfrûne tiisdei as gefolch.

Tjeerd de Groot - Foto: ANP

Nei de útspraken hat de D66-fraksje fan Súdwest-Fryslân ferhaal helle by De Groot. Se hawwe him belle om útlis te freegjen. Riedslid Mirjam Bakker fan D66 fertelde dat snein yn it radioprogramma Buro de Vries fan Omrop Fryslân.

Mirjam Bakker (D66) - Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Bakker: "Toen ik het hoorde was ik niet blij. Wij zitten er anders in. Hij heeft het wel over onze boeren en we zijn een genuanceerde partij. We hadden van hem ook een genuanceerder standpunt verwacht." Neffens Bakker hawwe meardere ôfdielingen yn Fryslân kontakt socht mei it keamerlid oer syn útspraken.

De útlis fan De Groot wie wol nuansearre. Hy hat oan de fraksje útlein dat syn ferhaal oer folle mear giet as allinnich mar stikstof en dat hy al jierren dwaande is te besykjen wat te feroarjen oangeande lânbou. Der moat neffens him net mear om de hite brij hinne draaid wurde, der moat dúdlikheid komme. Bakker kin har dêr wol yn fine.

D66-riedslid Mirjam Bakker oer de útspraken fan Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot oer de feesteapel yn Nederlân

(advertinsje)
(advertinsje)