Sterke man Kelvin de Ruiter wint Strongman League op Curaçao

06 okt 2019 - 13:29

Sterke man Kelvin de Ruiter fan Surhústerfean hat sneon de Strongman League-wedstriid op Curaçao wûn. Hy waard earste op it ûnderdiel de laadrace, twadde by de truckpull en tredde by de auto-deadlift. It wie genôch om syn konkurrinten foar te bliuwen.

Foto: Facebook, Kelvin de Ruiter

De Ruiter lit fia syn Facebook-side witte dat er út de skroeven is mei syn prestaasje. "Ongelooflijk, ik ben superblij en ik geloof het gewoon nog steeds niet." Earder dit jier waard De Ruiter de sterkste man fan Nederlân en foar de twadde kear wrâldkampioen frachtwein lûken. "Mijn jaar als sterkste man kan eigenlijk niet meer stuk."

Healwei novimber is yn Meksiko de finale fan de Strongman League. De Ruiter is in grutte kânshawwer om dy te winnen.

Kelvin de Ruiter

(advertinsje)
(advertinsje)