Plysje giet út fan brânstichting by autobrân stedstafersjoch Ljouwert

06 okt 2019 - 20:47

De plysje giet der fan út dat de autobrân by it stedstafersjoch yn Ljouwert opsetlik oanstutsen is. De brân ûntstie sneontenacht om fiif oere hinne by it kantoar fan stedstafersjoch oan de Grienewei. Twa tsjinstauto's fan de hanthaveners binne folslein ferbrând, in tredde rûn skea op.

De plysje docht ûndersyk nei de brânstichting en ropt tsjûgen op om ynformaasje oer de brân troch te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)