Deade frou oantroffen yn wetter yn Kollum

06 okt 2019 - 10:51

It lichem fan in frou is sneintemoarn oantroffen yn it wetter by De Anjen yn Kollum. In ambulânse, brânwacht en traumahelikopter wienen oproppen foar helpferliening. De frou waard út it wetter helle en der waard begûn mei reanimaasje, mar de help wie om 'e nocht.

Foto: De Vries Media

De plysje ûndersiket hoe't de frou yn it wetter rekke is.

Trefwurden: 
ferstoarn Kollum deade
(advertinsje)
(advertinsje)