Boekekast #2: De nacht fan Mare fan Willem Schoorstra

06 okt 2019 - 10:35

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze twadde Boekekast in fragmint út 'De nacht fan Mare' fan Willem Schoorstra. Hy lêst it sels foar.

Foto: Omrop Fryslân

Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattingen en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat.

Willem Schoorstra

Yn 2001 debutearre Willem Schoorstra mei poëzy, al gau folgen in ferhalebondel en inkelde romans. Foar 'De nacht fan Mare', yn 2017 ferskynd by Het Nieuwe Kanaal, krige hy de Rink van der Veldepriis.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)