SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen: "We zijn echt een goed team met elkaar"

06 okt 2019 - 10:01

SC Hearrenfean hat de earste trije punten foar in thúswedstriid fan dit seizoen binnen. Yn it Abe Lenstra Stadion waard sneontejûn mei 1-0 wûn fan PEC Zwolle. Dat de wedstriid net útblonk yn moai fuotbal, koe trainer Johnny Jansen net safolle skele. De winst wie it belangrykst.

"Het publiek hikt er tegenaan, wij hikken er tegenaan. En dan gebeurt het, dan win je met 1-0", seit Jansen. "Waar je echt spijkerhard moet knokken om het op de been te houden. Dat lukt je dan en dan mag het lelijk zijn, maar dat maakt me niets uit."

Trainer Johnny Jansen - Foto: www.orangepictures.nl

Jansen is posityf oer wat syn spilers sneon sjen litten ha. "Er is één ding dat voorop staat en dat is het teamgebeuren. Het team moet bij elkaar blijven en daar komt niemand aan. Als je dan ziet hoe ze als team knokken en strijden met elkaar, en hoe de bank betrokken is, dan denk je 'ja man, we zijn echt een goed team met elkaar'. En dat is eigenlijk voor mij het allerbelangrijkste. En het winnen."

Ek spiler Mitchell van Bergen is bliid mei hoe't SC Hearrenfean him as team profilearre hat. "We hebben vorige week tegen VVV met 3-0 gewonnen en om dan zo door te pakken is goed. Zeker thuis. Voor het publiek is het mooi en wat we thuis op de mat leggen vind ik gewoon echt top, dus ik ben hartstikke blij."

Daniel Høegh makke nei wiken syn rentree by SC Hearrenfean, mar dat ferrûn net hielendal sa as it moast. Hy kaam der yn de 90e minút yn as ferfanger fan Odgaard en by syn earste balkontakt skeat er syn teamgenoat Joey Veerman nei de grûn. "Ja, dat was een beetje chaos, zeg maar. Maar ja, zo was die eindfase en dan krijg je dus zo'n situatie", seit Høegh gnizend. "Het was gewoon survival uiteindelijk."

(advertinsje)
(advertinsje)