Auto's stedstafersjoch Ljouwert geane yn flammen op

06 okt 2019 - 18:14

Twa auto's fan it stedstafersjoch yn Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein yn flammen opgien. De auto's stiene parkearre tusken oare tsjinstauto's yn, foar it kantoar fan de hanthaveners oan de Grienewei. In tredde auto rûn skea op.

Meiwurkers ûntdutsen de brân en bellen de brânwacht. Doe't dy oankaam, stie de foarkant fan in auto al folslein yn 'e brân. Om de brânwacht de romte te jaan, waard de dyk by it kantoar fan it stedstafersjoch tydlik ôfsletten.

De oarsaak fan de brân is noch ûndúdlik, mar de plysje giet derfan út dat it opsetlik oanstutsen is. Se roppe tsjûgen op om mear ynformaasje troch te jaan.

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)