SC Hearrenfean pakt earste thúsoerwinning tsjin PEC Zwolle

05 okt 2019 - 22:39

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn it Abe Lenstra Stadion mei 1-0 wûn fan PEC Zwolle. Yn in wedstriid sûnder in soad hichtepunten brocht de goal fan Mitchell van Bergen flak foar it skoft de Feansters de earste thúsoerwinning.

Foto: Orange Pictures

Yn de begjinfaze wiene der spjeldepripkes fan beide ploegen. Oan de kant fan Hearrenfean wie it oanfierder Hachim Faik dy't it mei in frije traap, in kopbal en in ôfstânskot besocht en Lennart Thy skeat hurd oer de goal fan Hearrenfean-keeper Warner Hahn.

Foarsprong foar it skoft

Yn de 36ste minút waard PEC Zwolle gefaarlik fia âld-Hearrenfeanspiler Dennis Johnson. Syn skot fan tichteby gie fia Faik oer de goal. Oan de oare kant kaam Van Bergen foarby syn direkte tsjinstanner, mar hy koe dêrnei krekt net Jens Odgaard berikke.

Beide ploegen lieken mei in 0-0 stân it skoft yn te gean, mar krekt dêrfoar krige Van Bergen mei wat gelok de bal mei fan Odgaard. Van Bergen koe allinne foar de keeper de 1-0 foar Hearrenfean meitsje. Sa gie de ploech fan trainer Johnny Jansen dochs mei in foarsprong nei de klaaikeamers.

Hearrenfean gefaarlik

Yn it earste kertier nei it skoft waard Hearrenfean twa kear gefaarlik. Earst koe Zwolle-keeper Xavier Mous krekt rêding bringe op in skot fan Woudenberg. Ut de hoekskop dy't dêrop folge stie Odgaard yn 'e wei by in skot fan Faik. Zwolle kaam yn it earste diel fan de twadde helte net fierder as in ôfswaaier fan Thy.

Ek yn it restant fan de wedstriid kaam de ploech fan Jansen net echt yn de problemen. Hearrenfean krige noch de grutste kânsen op in twadde goal. Van Bergen skeat oer, Ejuke koe in útbraak fan de Feansters net fersulverje en Dresevic syn kopbal gie oer. Yn de lêste minuten fan de wedstriid besocht Zwolle it noch mei de lange bal, mar Hearrenfean koe mei iennige muoite stân hâlde.

SC Hearrenfean - PEC Zwolle 1-0 (1-0) 45. Van Bergen 1-0.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Kongolo (63/Halilovic), Faik, Veerman; Van Bergen (86/Akujobi), Odgaard (90/Høegh), Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)