Snitser Dweildei: fjirtich dweilorkesten út it hiele lân

05 okt 2019 - 21:15

Op de achtste Snitser Dweildei kamen sneon sa'n 750 muzikanten fan fjirtich dweilorkesten út it hiele lân ôf. Der binne kapellen dy't alle acht edysjes meidien hawwe, lykas dameskapel Vrij Gezelligst.

Yn in koarte tiid is de Dweildei fan Snits útgroeid ta ien fan de wichtichste en grutste dweildagen fan it lân. De kapellen koene yn twa klassen meidwaan: de Leutklasse en de Wedstrijdklasse.

Prizen winne

Hjirmei kinne se sawol jild- as oare prizen winne, sa as de priis foar de 'leutste' kapel en in 'gevulde koektroffee', de publykspriis yn de wedstriidklasse. Op tsien lokaasjes yn de binnenstêd en by de Wetterpoarte wiene de kapellen te sjen.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)
(advertinsje)