Hoe giet it mei Snitser Michel Vlap by Anderlecht?

05 okt 2019 - 20:22

Hy makke inkelde moannen lyn in dreamtransfer nei de Belgyske fuotbalklup Anderlecht: de 22-jierrige Michel Vlap fan Snits. Hy spile hast syn hiele libben foar Sportklup Hearrenfean, mar gie foar acht miljoen euro oer nei de klup út Brussel. Dit wykein wie Vlap efkes werom yn Fryslân. Hoe giet it no mei de middenfjilder? En hoe befalt it him by Anderlecht?

Foto: Orange Pictures

"Het is een hele warme club", fertelde Vlap sneontemiddei njonken it fjild fan fuotbalklup ONS yn Snits. "De laatste tijd gaat het sportief gezien minder, maar de overwinning van gisteren deed ons goed."

Rjochter rychje

Anderlecht wûn freed mei 2-1 fan Charleroi, mar stiet noch hieltyd yn it rjochter rychje fan de heechste Belgyske fuotbalkompetysje. Foar de topklup is dat noch lang net goed genôch, wit ek Vlap. Hy wol himsels de kommende wedstriden ferbetterje.

Dit wykein is Michel Vlap frij en dêrom bringt hy tiid troch yn ús provinsje. "Ik vind het heerlijk om weer even in Friesland te zijn", fertelt de Snitser.

"Beginnen ons thuis te voelen"

Hy wennet no alwer in skoftke yn Brussel. "Het leven is daar anders. Het is allemaal heel groot, met toeterende auto's, het is veel drukker. Maar ik woon met mijn vriendin midden in de stad in een heel mooi appartement. We beginnen ons thuis te voelen."

Michel Vlap yn petear mei ferslachjouwer Roelof de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)