Noch gjin sprake fan krisis by ONS Snits, nettsjinsteande ferlies

05 okt 2019 - 19:24

Is der krisis by fuotbalklup ONS Snits? Neffens trainer Paul Raveneau is dêr noch gjin sprake fan, mar op 'e ranglist sjocht it der net goed út foar syn ploech. ONS stie al op it lêste plak en dêr kaam sneontemiddei nei it 2-1 ferlies tsjin DVS'33 út Ermelo gjin feroaring yn.

"Als alle wedstrijden vijftien minuten korter waren, dan hadden we nu tien punten gehad in plaats van drie", konkludearret trainer Raveneau. Hy fynt dêrom net dat minsken harren soargen meitsje moatte. Ek tsjin DVS'33 hie it baltsje samar ris de oare kant op falle kinnen, fynt Raveneau. "Het was een gelijkwaardige wedstrijd. Ik heb niet kunnen zien waarom zij bovenin staan en wij onderaan."

Goal Van Lingen

Ferdigener Oege Sietse van Lingen sette ONS noch op foarsprong. Van Lingen moast fuort by Cambuur en koe dêrnei nei klups út Noarwegen en Dútslân, mar keas dochs foar ONS Snits. Van Lingen slút lykwols net út dat hy yn de winterstop nei in oare klup giet. "Ik haw it proffuotbal noch net út 'e holle set."

Van Lingen krige sneon noch in pear kânskes op de lykmakker, mar it slagge him net om nochris te skoaren. Van Lingen fûn ONS net folle minder as DVS'33 en dat makket him optimistysk oer it fierdere ferrin foar de kompetysje: "Nije wike tsjin FC Lisse pakke we ús earste oerwinning."

VV Bûtenpost

Yn de haadklasse kaam VV Bûtenpost sneontemiddei yn aksje tsjin AVV Swift. Bûtenpost gie op it eigen sportpark De Swadde mei 0-2 ûnderút. Yilmaz wie twa kear de doelpuntemakker foar de Amsterdammers.

(advertinsje)
(advertinsje)