Iepen dei by Vitens: pH-wearden mjitte en wetter drinke

05 okt 2019 - 19:16

In rige besikers stie sneontemoarn by drinkwetterbedriuw Vitens yn Ljouwert. As ûnderdiel fan de achtste edysje fan it wykein fan de wittenskip hat it bedriuw de doarren iepen set fan har laboratoarium.

Der koene pH-wearden mjitten wurde, dy't de soergraad fan in floeistof oanjouwe, en der wie in proef mei snobbersguod. Besikers koene ek priuwe wat se lekkerder fine: in fleske wetter of wetter fan Vitens út de kraan.

Wykein fan de Wittenskip

Yn it Wykein fan de Wittenskip iepenje hûnderten bedriuwen, organisaasjes, musea en universiteiten harren duorren om plakken sjen te litten dy't normaal net sichtber binne foar publyk.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)
(advertinsje)