De Schoverlingen: âld-reedriders ferienigje harren op Thialf

05 okt 2019 - 18:40

It nije reedrydseizoen set takom moanne alwer útein. Sneon waard yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean it NK foar klupteams ferriden. Mar der barde ek noch wat oars bysûnders. Ald-reedrider Hilbert van der Duim hat resintlik mei in tal oaren de feriening De Schoverlingen oprjochte.

Foto: Orange Pictures

De twafâldich wrâldkampioen wol dat mear âld-reedriders by de sportwedstriden yn Thialf komme. Ek wol it bestjoer gesellige gearkomsten organisearje om op in sportive wize mei elkoar ferbûn te bliuwen. Sneon wie in soarte fan oprjochtingsgearkomste op It Hearrenfean.

Thijsje Oenema

Ien fan de bestjoersleden is Thijsje Oenema fan It Hearrenfean. Sy hat har ek oansletten by De Schoverlingen. De 31-jierrige reedrydster fynt it in moai inisjatyf en is ponghâlder fan De Schoverlingen.

"Wedstriden sille we net mear dwaan gean, mar rekreatyf reedride kin fansels wol", fertelt Oenema. "It wie hiel leuk hjoed. Jong en âld rûn troch elkoar hinne. Guon minsken hiene elkoar al 30 of 40 jier net mear sjoen en hawwe elkoar no wer moete. Dat makket it wol hiel moai."

It folsleine bestjoer bestiet njonken Van der Duim en Oenema út Margriet de Schutter, Harm van der Pal, Jos Valentijn, Petra Grimbergen, Annamarie Thomas, Yvonne van Gennip en Margot Boer.

Thijsje Oenema yn Sneon yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)