Hieke (17) fan Menaam organisearre in TikTok-gearkomste yn Ljouwert

05 okt 2019 - 17:43

By de Aldehou yn Ljouwert kamen sneontemiddei tsientallen TikTokkers út hiel Nederlân by-inoar. De 17-jierrige Hieke de Jong fan Menaam hie in gearkomste organisearre foar brûkers fan de populêre fideo-app TikTok.

Foto: Eigen foto

Hieke hat sels mear as 24.000 folgers op TikTok. "It is in app om fideo's te meitsjen, mei muzyk derby. Ik kin moaie filmkes meitsje en dêrby ek noch ris myn ûnnoazelheid kwyt."

Filmkes mei muzyk

De filmkes gean oer fan alles en noch wat, mar hast altyd mei in link nei muzyk. "Ik haw bygelyks filmkes makke oer Fryslân, mar ek oer wat ik allegear gewoan meimeitsje op in dei."

By de Aldehou wiene TikTokkers út hiel Nederlân. Hieke: "Der binne sels minsken út Limburg kaam. Se komme út it hele lân. It is hjir hiel gesellich!"

Hieke de Jong fan Menaam

Trefwurden: 
Ljouwert TikTok Hieke de Jong
(advertinsje)
(advertinsje)