Meardere minsken oanhâlden by plysje-ynfal yn Drachten

05 okt 2019 - 17:14

De plysje hat freedtejûn meardere minsken oanhâlden by in ynfal yn in wenning oan de Wyldsang yn Drachten. De ynfal soe te krijen hawwe mei drugshannel.

Foto: De Vries Media

De plysje wie mei meardere ienheden op it plak fan de ynfal en hat kontant jild en drugs yn beslach nommen. Neffens buertbewenners hat de plysje faker in ynfal dien yn de wenning yn Drachten.

Trefwurden: 
plysje Drachten drugs
(advertinsje)
(advertinsje)