Auto slacht oer de kop op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert

Op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert is sneontemiddei in auto oer de kop slein. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke.
© CAMJO Media
Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De auto stie nei it ûngelok yn 'e middenberm. Yn beide rjochtingen wie in skoftke in rydbaan ôfsletten.