Fytsynsammelaksje yn Goutum foar bern

05 okt 2019 - 14:41

Hieltyd minder minsken kinne in fyts betelje yn Ljouwert, wylst sy by in oar fertutearze yn de skuorre stean. Derom ha organisaasjes as de ANWB, Veilig Verkeer Nederland, de Fietsersbond en Stichting Kindpakket in kampanje opset om fytsen yn te sammeljen en dizze by bern fan 8 oant 18 jier yn Ljouwert te bringen. Op ferskate plakken, sa as by it doarpshûs fan Goutum, kinne minsken harren fyts ynleverje.

By it doarpshús yn Goutum stie Hans de Vries freed yn de rein de minsken al op te wachtsjen. "Ik fyn dit in wichtige saak", seit de Vries. "Mar leafst ien op de seis húshâldens yn Ljouwert hawwe muoite om it jild foar in fyts op tafel te lizzen. Wylst der in soad dingen yn it libben betelle wurde moatte. Hjir helje wy no de âlde fytsen binnen en dy kinne wy dan oan dejinge jaan dy't it nedich hat of echt brûke kin."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach by it fytsynsammeljen

Al nei in pear minuten waarden de earste fytsen brocht. "Ja, dizze stie dochs wat yn de skuorre", sei in man wylst hy syn fyts fan de karre helle. "Ik bin mei de auto, omdat it hurd reint, mar de fyts sels is noch hiel goed." De Vries nimt de fyts oan en set him by de oare fytsen. "Der steane al in stik as tweintich en se binne hiel ferskillend. It giet fan racefytsen oant lytse bernefytskes." De Goutumer wiist nei in nagelnije fyts. "Sjoch, dit is sels in elektryske. Kinst it dy foarstelle dat minsken sels dat bringe?"

Noch foardat De Vries syn sin ôfmeitsje kin, komt der al in oare fytsebringer oan. "Ja, myn frou die er neat mear mei. Ik hie him wol op Marktplaats sette kinnen, mar dit is foar it goede doel. Dat smyt mear op as jild."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Net alle fytsen binne goed, der steane ek swier fertutearze en stikkene eksimplaren tusken. "Mar dat jout neat", ferfolget De Vries. "Dy litte wy meitsje by in tal fytsmakkers yn Ljouwert. Yn novimber hoopje we se dan klear te hawwen. Minsken kinne dan fia Stichting Leergeld en Stichting Kindpakket oanspraak meitsje op ien fan de fytsen. Krije dy âld barrels dochs noch in moai stekje", seit De Vries, wylst hy mei in grutte glimk op in kapot seal slacht. Yn totaal binne der freed 95 fytsen ynsammele by de aksje yn Goutum.

Hans de Vries oer de aksje

(advertinsje)
(advertinsje)