Cambuur Sjoernaal: Gjin perioadetitel, dochs in moaie fuotbaljûn
It publyk stie freedtejûn op de banken by de 4-0 oerwinning fan SC Cambuur op Excelsior. It smiet de Ljouwerters dan wol gjin perioadetitel op, om't konkurrint NAC Breda wûn, mar dochs waard it in moaie jûn foar de ploech fan trainer Henk de Jong. Benammen de earste helte wie fan in heech nivo. Dat en mear yn in nij Cambuur Sjoernaal.