Turnsuskes pakke mei Nederlânske seleksje olympysk ticket foar Tokio

05 okt 2019 - 13:41

De Nederlânske turnsters, mei ûnder oaren de suskes Lieke en Sanne Wevers, hawwe harren sneon kwalifisearre foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio. Dat diene de froulju op it WK yn Stuttgart. De Nederlânske seleksje bestiet fierder út Tisha Volleman, Eythora Thorsdottir en Naomi Visser.

De Nederlânske turnseleksje mei Sanne en Lieke Wevers - Foto: ANP

Nei't twa tredde fan de dielnimmende lannen yn aksje west hie, besetten de Nederlânske turnsters it fjirde plak. Dêrmei wie it ticket foar Tokio binnen, want se moasten by de earste tolve einigje.

Letter op sneon komme noch de Amerikanen, Russen, Japanners en Brasilianen yn aksje. Oranje is noch net wis fan de WK-finale foar lanneteams. Allinnich de bêste acht pleatse harren dêrfoar.

(advertinsje)
(advertinsje)