Ald-steatelid en riedslid Nynke Koopmans stapt út VVD as protest op stikstofbeslút

05 okt 2019 - 11:35

Ald-steatelid en gemeenteriedslid Nynke Koopmans fan Tytsjerk hat har lidmaatskip fan de VVD opsein. Dat docht se út protest op it stikstofbeslút fan it kabinet. Koopmans bliuwt wol yn de ried fan de gemeente Tytsjerksteradiel, mar giet as ûnôfhinklike fraksje troch.

Foto: Omrop Fryslân

It kabinet makke freed bekend om hûnderten miljoenen euro's út te lûken om de stikstofskea yn Nederlân te ferminderjen. It bedrach is foar in part bedoeld om feehâlders út te keapjen dy't ophâlde wolle. It kabinet set ek yn op ynnovaasje yn de bou.

Maatregels te strang

Neffens Koopmans binne de maatregels fan it kabinet fierstente strang. Boppedat is se it net iens mei de koers fan har partij yn dizze problematyk. Koopmans: "Ik hie ferwachte dat myn partij sizze soe 'ho even, foardat we sokke yngripende maatregels nimme, moatte we dochs echt witte wêr't we it oer ha'." Se doelt dêrmei op de berekkeningen omtrint de stikstof dêr't fan alles oan mankearje soe.

Eigentlik skamje je derfoar dat se dizze stap naam ha en dan hâldt it gewoan op.

Nynke Koopmans

"Ik fyn echt dat de VVD hjiryn net foar syn ûndernimmers stiet", seit Koopmans. "Dan kinne je it net mear útlizze oan de achterban. Eigentlik skamje je derfoar dat se dizze stap naam ha en dan hâldt it gewoan op."

Koopmans fynt dat Nederlân de stikstofproblemen oer himsels útroppen hat troch in soad gebieten oan te wizen as Natura 2000. Dêrtroch moat Nederlân oan de stikstofmaatregels foldwaan. Se hopet op boereferstân yn Den Haag, seit se.

Nynke Koopmans is yn it deistich libben boerinne.

Nynke Koopmans oer har beslút om út de VVD te stappen

(advertinsje)
(advertinsje)