PvdA Ljouwert hat noed oer gearwurking jeugdsoarch Fryske gemeenten

05 okt 2019 - 10:21

De PvdA-fraksje fan Ljouwert hat soargen oer de gearwurking tusken Fryske gemeenten op it mêd fan jeugdsoarch. De fraksje hat dêrom skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan Ljouwert. De Fryske gemeenten wurkje gear yn it saneamde SDF-ferbân (Sociaal Domein Fryslân).

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De PvdA sjocht in grutte groei fan it oantal jeugdsoarchoanbieders en dêrmei groeie ek de soargen om de kwaliteit en de stiging fan de kosten foar de soarch. De fokus fan it gearwurkingsferbân leit noch te folle op swiere, spesjalisearre soarch, wylst der neffens de partij in omslach wêze moat nei previntive soarch tichteby. Earder hat de PvdA yn de ried hjiroer al in moasje oannommen.

De partij is bang dat der te folle diskusje fierd wurdt oer struktuer, it behearskjen en kontrolearjen en dat der net yngien wurdt op de ûnderlizzende, ynhâldlike fraach wat de gemeenten berikke wolle foar de bern en wat dêr foar nedich is.

(advertinsje)
(advertinsje)