Ald-LTO-man Vogelaar: Boer wurdt te hurd oanpakt foar stikstofprobleem

05 okt 2019 - 08:55

De boer wurdt fierstente hurd oanpakt foar de stikstofproblematyk. Dat sei âld-fakgroepfoarsitter melkfeehâlderij by LTO Jan Cees Vogelaar freedtejûn by in gearkomste foar boeren by Mulder Agro yn Kollumersweach. Vogelaar en direkteur Cees Buisman fan wettertechnologysintrum Wetsus wiene dêr oanwêzich as sprekkers. Beiden fine se dat de lânbou allinnich de stikstofproblemen net oplosse kin.

Trekker op it lân - Foto: Shutterstock.com

Neffens Vogelaar doge de berekkeningen dy't makke binne omtrint de stikstof net iens: "Er wordt alleen gemeten wat de concentratie stikstof in de lucht is, die wordt omgerekend in depositie. In die meetsystematiek zitten de nodige foutmarges. Er zou daadwerkelijk gemeten moeten worden wat er aan stikstof neerkomt op de grond bij melkveehouderijen en natuurgebieden."

Elk syn diel

"De totale hoeveelheid stikstof in de wereld is gewoon te hoog. Daar komt een deel vanuit de landbouw, een deel uit de industrie, dus iedereen moet zijn deel doen", seit Cees Buisman fan Wetsus. Hy fynt dat de polityk de boer no ris dúdlikheid jaan moat: "De boer is een relatief kleine onderneming. Die heeft te maken met een idiote milieu- en vergunningenlast met allemaal verschillende regels. Denk aan biodiversiteit, dan weer stikstof en dan weer fosfaat of CO2 en methaan. Dat is toch geen stijl."

Neffens Buisman soe der út de polityk wei folle mear dúdlikheid komme moatte foar boeren, mei ien oerkoepeljend systeem dat maklik te begripen is foar elkenien.

Direkteur Cees Buisman fan wettertechnologysintrum Wetsus en Jan Cees Vogelaar, âld-fakgroepfoarsitter melkfeehâlderij by LTO

(advertinsje)
(advertinsje)