Kollum: "Bêdpartners"

05 okt 2019 - 08:40

"In pear wiken lyn wie de twadde edysje fan de Nightwalk to the Koemarkt. Wêrom't dy rintocht hjir yn It Feen (net it Fean) no wer in Ingelske namme ha moat, is my net helder, mar it evenemint is der net minder aardich om. Yn it skimer rinne mei in pear tûzen dielnimmers jout in apart gefoel fan Mienskip, om samar te sizzen. Al dy dielnimmers krigen in read ljochtsje, dat krekt sa flikkere as al dy swaailjochten op de trekkers dy't dizze wike troch de nacht nei de Hofstad rieden. Ien lang lint fan ljochtsjes troch de iere jûn.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

It moaie fan de Nightwalk is dat se je troch buertsjes en bedriuwen rinne litte, dêr't je oars nea komme. Sa mochten we de binnenkant fan de militêre apoteek besjen, dat grutte gebou njonken it spoar dat oars altyd hermetysk ôfsletten is. En we krigen by in spesjaalsaak yn bêden in gleske bearenburch oanbean. Guon minsken ha wol trije kear it rûntsje troch de saak west, hearde ik. Prima foar de bekendheid, wylst it bedriuw dochs al wrâldferneamd yn Fryslân is. Goed guod en net djoer, ik meitsje fierder gjin reklame, mar dan witte jim grif oer hokker bedriuw ik it ha.

Dizze wike kaam ik in koart artikel tsjin. Dêryn stie dat wy gemiddeld oardel miljoen bêdpartners ha. Dat binne sifers dêr't sels Jeffrey Epstein syn wynbrauwen fan oplûke soe. Mar dit artikel gie net oer jonge froulju of manlju, mar oer lytse bistjes. Dy hâlde ús alle nachten selskip. Se binne in heale milimeter grut en ha net folle oars by de ein as harren sels fermearderje, ite en skite. En dat dogge se dêr't jo liiflik by binne, by jo op bêd. Je kinne dus stelle dat je alle nachten tsjûge binne fan in ordinêre orgy.

No sliep ik meastal as in blok, dus giet dit hiele teater oan my foarby. Mar it idee dat je mei oardel miljoen bistjes jo bêd diele is wol nuver. We ha it oer miten. Húsmiten om krekt te wêzen. Dy sitte oeral, mar jo matras is dochs wol in hotspot.

Wy binne net sa lang lyn ferhûze en op oantrúnjen fan myn frou ha we doe in nije matras oanskaft. Yn it artikel stie dat gemiddeld besjoen minsken tusken de tweintich en tritich jier op itselde matras lizze te koesen. No, dêr wienen wy dus in goed foarbyld fan. Je wenne oan je eigen matras, nergens sliept it better as thús. As je nei de fakânsje mei pine yn de rêch fan dy ferhipte hotelbêden in nacht op je eigen good old matraske trochbrocht ha, binne je de man/frou wer. Mar it skynt dus better te wêzen om faker fan matras te wikseljen.

It artikel fertelde dat der yn tsien jier gemiddeld 1.000 liter swit yn it matras ferdwynt. En dan ha ik it noch net iens oer dy miten, dy't der in dongbult fan meitsje. As je der wat gefoelich foar binne en 'smetvrees' ha, soenen je der fan grize. Je kinne der fan alles oan oerhâlde, sa stie yn it artikel. Je soenen der hast sliepeleaze nachten fan krije. No wie it eins in artikel dat by in advertinsje hearde fan in bedriuw dat hannelet yn bêden en matrassen. Dy kamen sels mei de oplossing, by de Nightwalk to the Koemarkt. Op in pear bearenburchjes sliepe je as in roas."

(advertinsje)
(advertinsje)