Omrop TIP: De Jopopinoloukicoclub, in dokumintêre oer Joop ter Heul

05 okt 2019 - 08:04

'Jopopinoloukico' - it binne de earste letters fan de nammen fan Joop ter Heul en har seis freondinnen. Se diele leaf en leed en hawwe maling oan skoalle. Cissy van Marxveldt skreau 'De H.B.S.-tijd van Joop ter Heul' yn 1919 en sûnt dy tiid is it stikken lêzen troch generaasjes puberfamkes. Allegearre woene se Joop har freondinne wêze. Wêrom wie dat, en is dat noch sa? Ta gelegenheid fan Joops hûndertste jierdei makke Karen Bies in dokumintêre.

Foto: Omrop Fryslân

Setske de Haan (1889-1948) kaam út Oranjewâld. As Cissy van Marxveldt waard se mei 'Joop ter Heul' en ''n Zomerzotheid' de populêrste skriuwster fan famkesboeken fan de 20e iuw. Se ynspirearre oaren, bygelyks Anne Frank, dy't sels ek skriuwster wurde woe. "Cissy van Marxveldt schrijft knal", skreau Anne yn har deiboek. Sjoernaliste en kollumniste Sylvia Witteman neamt Cissy van Marxveldt 'de koningin van de meisjesboeken, met als kers op de taart Joop ter Heul'.

Yn de Fryslân DOK 'De Jopopinoloukicoclub' dogge lêzeressen harren ferhaal. Sjoernaliste Inki de Jonge en muzikante Marjan Feith ûntdutsen harren mienskiplike leafde foar de boeken fan Cissy van Marxveldt. Foar de Fryske skriuwster Jetske Bilker wie Van Marxveldt har grutte foarbyld.

Fierder komme biografe Monica Soeting en sjoernaliste Ciska Dresselhuys oan it wurd. En op it Drachtster Lyceum, dat dit jier lykas Joop ter Heul hûndert jier bestiet, lêze learlingen 'De H.B.S.-tijd van Joop ter Heul'.

'De Jopopinoloukicoclub' is op snein 6 oktober fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân. Ek te sjen op sneon 5 oktober om 15.30 oere en snein 6 oktober om 13.00 oere op NPO2 mei Nederlânske ûndertiteling.

(advertinsje)
(advertinsje)