Stiens en Hurdegaryp troffen troch stroomsteuring

05 okt 2019 - 07:53

Stiens en Hurdegaryp ha sneontemoarn betiid te krijen hân mei in stroomsteuring. Yn Stiens waarden de strjitten It Noarderfjild en de Lutskedyk troffen, yn Hurdegaryp wie de steuring oan de Kobbeflecht.

Foto: Omrop Fryslân

It soe yn beide doarpen om in spontane steuring gien, dy't om 06.00 oere hinne ûntstie. Netbehearder Liander hat der in monteur hinne stjoerd om de steuring op te lossen.

(advertinsje)
(advertinsje)