Van Deelen: "Fantastische avond, nog meer periodetitels te verdelen"

04 okt 2019 - 23:24

"Ik kan eindelijk weer lekker voetballen. Het was een fantastische avond voor mij." Dat sei ferdigener Jordy van Deelen fan Sportklup Cambuur freedtejûn. De Ljouwerters wûnen yn harren eigen stadion mei oermacht fan Excelsior: 4-0.

Foar Van Deelen wie de goal in ôfsluting fan syn minne seizoen fan ferline jier. "De bal kwam voor mijn voeten en ik schoot gewoon op goal. De ontlading kwam er daarna uit. Na zo'n teleurstellend seizoen als vorig jaar was ik gewoon erg blij met deze goal."

"Hoop dat ik het huis nog in mag"

De freondinne fan Jordy van Deelen, dy't sels út Rotterdam komt, wurket foar Excelsior TV. "Ik hoop maar dat ik het huis nog in mag vanavond", seit de ferdigener fan Cambuur. "Misschien heeft ze de deur op slot gedaan, maar ik hoop dat hij nog open is."

Trainer Henk de Jong wie nei ôfrin tige grutsk op syn ploech. "It wie echt spesjaal. Hoe't we fuotbalje en druk sette. It wie genietsje. Ik fûn it hiel goed."

Twadde perioade winne

Foar de Drachtster komt it goeie spul fan syn ploech net as in ferrassing. "Ik bin wol fernuvere, mar ik fernim al wol langer dat it deroan sit te kommen. Myn ploech is meitinkend en wol fuotbalje. No begjint de twadde perioade; en dy wol ik winne!"

De fjirde goal fan Cambuur tsjin Excelsior kaam fan Jarchinio Antonia. De fuotballer makke freed syn debút by Cambuur en skoarde binnen in kertier foar it earst foar de Ljouwerters. "Ik raakte hem niet eens zo goed, maar hij ging erin", neffens Antonia. "Ik was erg blij hiermee en dit doelpunt is me gegund door mijn teamgenoten."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Excelsior
(advertinsje)
(advertinsje)