UNIS Flyers winne foar tredde kear op rige yn bekerkompetysje

04 okt 2019 - 23:06

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn ek de tredde wedstriid yn de bekerkompetysje wûn. Yn Den Haag waard HIJS Hokij Den mei 3-2 ferslein.

Foto: UNIS Flyers

Sawol de Flyers as HIJS Hokij koene yn de earste perioade net folle foar elkoar krije. Dy earste helte einige yn 0-0. Yn de twadde perioade waarden de Flyers sterker en fia goals fan Jasper Nordemann en Trevor Peterson waard it 0-2.

HIJS Hokij kaam dêrnei wêrom oant 2-1, mar Brent Jansen soarge tsien minuten letter al wer foar de 1-3. Den Haag kaam dêrnei noch wol op 2-3, mar dat wie net genôch om de UNIS Flyers fan de oerwinning te hâlden.

Inter Region Cup

It wie de tredde oerwinning foar de Flyers yn trije bekerwedstriden. UNIS Flyers spilet snein de earste wedstriid yn de Inter Region Cup. Yn dy kompetysje, mei seis Dútske, trije Belgyske en trije Nederlânske teams, is it Dútske Neusser E.V. de tsjinstanner.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(advertinsje)
(advertinsje)