Plysje siket twa ynbrekkers yn Drachten, lege tas oantroffen

04 okt 2019 - 22:58

De plysje yn Drachten hat freedtejûn in skoft op syk west nei twa ynbrekkers. By in wenning oan de Rietpol waard om tsien oere hinne ynbrutsen. Fuortendaliks nei it telefoantsje, wat binnenkaam wie by de meldkeamer, waard in Burgernet-melding útjûn oan de ynwenners fan de gemeente Smellingerlân.

Foto: De Vries Media

Ien fan de ynbrekkers hie nei alle gedachten in tas by him, dyselde tas waard letter yn in boarterstún oan de Eendekroos oantroffen. Neffens tsjûgen gie it yn totaal om twa ynbrekkers, beide wiene ûngefear tweintich jier âld.

De plysje hat in ferfolch-ûndersyk ynsteld, mar foar safier bekend binne der noch gjin fertochten oanhâlden. De lege tas is yn beslach naam foar ûndersyk, wat de ynhâld dêrfan wie is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)