Minister Wiebes hâldt gaswinning yn de Waadsee net tsjin

04 okt 2019 - 22:31

As it oan minister Wiebes leit, kin de gaswinning yn it Waadgebiet gewoan trochgean. Hjirmei jout hy gjin gehoar oan de oprop fan de Partij voor de Dieren, GroenLinks en D66, dat meldt RTV Noord. De partijen ha dizze oprop dien yn de kommisjegearkomste fan ekonomyske saken.

It Waad by Koehoal - Foto: Remco de Vries

GroenLinks frege oan minister Wiebes wêrom't gaswinning yn it kwetsbere gebiet tastien is. Neffens de partij is dat net ferantwurde om't de biodiversiteit der sa grut is. De Partij voor de Dieren fynt dat de gemeente de fergunningen dy't jûn binne, weromlutsen wurde moatte troch de minister.

Wiebes: gjin skea oan natuer

Minister Wiebes seit dat gaswinning gjin skea tabringt oan de natuer yn it Waadgebiet, sa lit hy yn in reaksje witte. Betroubere gegevens oer de seespegel, fûgelstân en boaiemdelgong wurde neffens de minister op alderhande manieren sammele. Wiebes sjocht dan ek gjin reden om alle ûndersiken ôf te wachtsjen, dus kin de gaswinning yn it Waadgebiet trochgean.

(advertinsje)
(advertinsje)