Drachtster Boys ferslaan Nieuw Roden tanksij Jessie Prijs

04 okt 2019 - 22:24

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn mei 5-2 wûn fan KTP Nieuw Roden. Yn de wedstriid yn de earedifyzje skoarde Jessie Prijs trije kear en se joech twa assists.

Drachtster Boys begûn de wedstriid oanfallend mar hie dêryn net folle kar, want KTP Nieuw-Roden bleau op de eigen helte stean. Nei in oantal kânsen wie ek de earste goal foar de Drachtsters. It wie Jessie Prijs dy't in lob fan Esther van Toledo binnen kopte. In pear minuten letter wiene it dyselde twa dy't in ien-twake begûnen. Jessie Prijs skoarde en soarge sa foar de 2-0.

Dêrnie hie KTP in sterke faze en kaam de ploech fia in frije traap en in goed skot wer op 2-2. Krekt foar it skoft koe Jessie Prijs de bal ûnderskeppe en ienfâldich de 3-2 binnen sjitte. Dat wie ek de stân by it skoft.

Miste kânsen

Yn de twadde helte wie Drachtster Boys de bettere ploech en krigen de Fryske froulju ek kânsen. Se koene dy pas fiif minuten foar tiid fersulverje, doe't Lisanne Kempe in pass fia de hak fan Jessie Prijs binnen skeat. Yn de lêste minút skoarde ek Esther van Toledo noch wer, nei in ien-twake mei Prijs.

(advertinsje)
(advertinsje)