Babbeltrúk: Snitser frou bestellen troch twa manlju

04 okt 2019 - 22:01

In bewenster fan de Potterzijlflat yn Snits is tongersdeitejûn troch twa mannen bestellen. De fertochten kamen by har yn 'e hûs troch in smoeske te brûken, dat sy foar Nuon oan it wurk wiene.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De mannen binne der nei in skoftsje fan troch gien. Doe die bliken dat se de frou bestellen hiene. Immen dy't ynformaasje hat, kin kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
stellerij Snits babbeltrúk
(advertinsje)
(advertinsje)