Sterk Cambuur ferslacht Excelsior, gjin earste perioadetitel

Sportklup Cambuur hat freedtejûn yn Ljouwert in kreaze oerwinning behelle tsjin Excelsior. De ploech fan trainer Henk de Jong wie mei 4-0 te sterk foar de Rotterdammers. Cambuur grypte lykwols njonken de earste perioadetitel, om't NAC Breda yn eigen hûs mei 1-0 fan NEC wûn.
© Orange Pictures
Fan de earste minuten ôf wie Cambuur de bettere ploech. Nei goed tweintich minuten fuotbal kamen de Ljouwerters fertsjinne op foarsprong. Robert Mühren pakte de bal fan Fischer oer en joech ôf op Jamie Jacobs, dy't mei in kreas skot de keeper foarby spile: 1-0.

Cambuur op roazen

Noch gjin tsien minuten letter ferdûbele de ploech fan Henk de Jong de skoare. Jordy van Deelen krige de bal yn it sechtsjinmetergebied en skeat by twa ferdigeners fan Excelsior del en yn de goal. It waard noch moaier foar Cambuur doe't Ragnar Oratmangoen út in corner krekt foar it skoft ek it tredde doelpunt foar de Ljouwerters makke.
Yn de twadde helte bleau Cambuur goed fuotbal sjen litte. Issa Kallon wie ticht by syn earste treffer fan it seizoen, mar skeat de bal krekt foar de goal del. Oan de oare kant hie Rai Vloet fan Excelsior kâns op in treffer, mar keeper Stevens fan Cambuur brocht rêding.

Earste treffer Antonia

Yn de lêste minuten fan it duel wreide Cambuur de skoare nochris út. Ynfaller Jarchinio Antonia krige de bal fan Kallon en koe ienfâldich binnen tikke. It is foar him ek fuortendaliks syn earste doelpunt foar de Ljouwerters.
SC Cambuur - Excelsior 4-0 (3-0) 23. Jacobs 1-0; 31. Van Deelen 2-0; 42. Oratmangoen 3-0; 84. Antonia 4-0.
Opstelling Cambuur: Stevens, Van Deelen, Mac Intosch, Schouten, Hoedemakers, Kallon, Jacobs, Akoy (86. Paulissen), Mühren, Sambissa, Oratmangoen (72. Antonia).