Lintsje foar twa frijwilligers Snits Wyt Swart

Twa frijwilligers fan fuotbalferiening Snits Wyt Swart binne freedtejûn keninklik ûnderskieden. It giet om de Albert Herman Burkink en Jan Jansen, beide út Snits. Se binne beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje-Nassau.
© ANP
De 88-jierrige Burkink is al sûnt 1963 drok mei frijwilligerswurk foar de klup. Sa wie er ûnder oare oant in pear jier lyn materiaalman. Ek de 72-jierrige Jansen is al jierren aktyf: hy is ûnder oare begelieder fan it G-team.
De mannen krigen de keninklike ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân op de bysûndere byienkomst 'De avond van toen' fan Snits Wyt Swart.