Spitse besoarget Oranjefroulju mei twa goals oerwinning tsjin Slovenië

De fuotbalsters fan Oranje hawwe ek harren tredde groepswedstriid fan de EK-kwalifikaasjerige wûn. Yn Murska Soboto waard Slovenië nei in dreech duel ferslein: 2-4. Fuotbalster Sherida Spitse fan Snits wie mei twa goals wichtich foar Nederlân.
© ANP
Tsjinstanner Slovenië kaam yn de alve minút oan de lieding. Nei in healoere makke Vivianne Miedema lyk. Krekt foar it skoft wie Lineth Beerensteyn ferantwurdlik foar it twadde Nederlânske doelpunt.

Goals fan Spitse

Yn de twadde helte koe Oranje net útrinne. Kaja Korosec koe dêrop har ploech op likense hichte bringe, By 2-2 naam Sherida Spitse dêrnei it foartou. Mei twa sterke frije trapen besliste sy de wedstriid yn it foardiel fan de Nederlânske ploech.
Takom tiisdei spylje de Oranjefroulju yn Eindhoven harren fjirde duel tsjin Ruslân.