Waadfûns lûkt de beurs foar it doarpshûs yn Parregea

De stichting doarpshûs Parregea, Hieslum en Dedzjum kriget 50.000 euro fan it Waadfûns foar it oanpassen en útwreidzjen fan it doarpshûs yn Parregea. Troch de oanpassingen kriget it gebou mear mooglikheden en wurdt it geskikt foar ferskate doelgroepen.
© Pexels.com
Yn totaal kostet de ferbouwing en de útwreiding 250.000 euro. Parregea kriget mei de 50.000 euro de heechste bydrage dy't it Waadfûns beskikber hat foar sokke projekten. It fûns docht in oprop foar mear oanfragen foar subsydzje. Dy kinne noch oan en mei freed 13 desimber yntsjinne wurde.
De plannen moatte de leefberheid of de wurkgelegenheid befoarderje of soargje dat de omjouwing fan it Waadgebiet der moaier út komt te sjen.