Trainer Jansen: "Super gemotiveerd om een goed resultaat neer te zetten"

04 okt 2019 - 19:19

Nei de kreaze 0-3 oerwinning op VVV-Venlo treft Sportklup Hearrenfean sneon PEC Zwolle. Foar trainer Johnny Jansen is der gjin oanlieding om syn alvetal te wizigjen. Hy start tsjin PEC mei deselde alve nammen as ferline wike. "Ik heb een goed gevoel over hoe we het de laatste weken met elkaar doen. Dat wil ik graag nu aan vasthouden", sa seit Jansen.

Middenfjilder Jordy Bruijn wie oan it begjin fan de kompetysje ien fan de nije gesichten fan SC Hearrenfean. De 23-jierrige middenfjilder koe de earste wedstriden ûnder Johnny Jansen rekkenje op in basisplak.

Bruijn spile as rjochtsfoetige middenfjilder as hingjende linksbûten. Hy moast derfoar soargje foar de balâns op it middenfjild en koe oanfallend foar ympulzen soargje. De earste fiif wedstriden hie hy in basisplak, mar sûnt de komst fan Joey Veerman is hy dy kwytrekke.

"Kans komt vanzelf weer"

"Het is heel simpel, had ik er tien gescoord dan had ik er nooit uit gegaan", seit Bruijn. "We hebben een goede selectie, met veel goede spelers. Voor nu zit ik even op de bank, maar die kans komt vanzelf wel weer. Ik weet zeker dat ik er binnenkort weer in sta."

PEC Zwolle ferlear ôfrûne wykein mei 0-4 fan PSV. De ploech fan John Stegeman hat oant no ta twa wedstriden wûn: út by FC Emmen (1-3) en thús fan RKC Waalwijk (6-2). Yn dy lêste wedstriid wie âld-Hearrenfean oanfaller Reza Ghoochannejhad de fierde man troch as wikselspiler fjouwer kear te skoaren.

Ik laat de basiself intact.

Trainer Johnny Jansen

Johnny Jansen hat yn it ferline in soad mei Ghoochannejhad wurke. "Ik denk dat die jongens (Reza en Dennis Johnsen) ook wel gebrand zullen zijn, om hier te laten zien dat ze goed kunnen voetballen. Ik denk dat ze supergemotiveerd zullen zijn om hier een goed resultaat neer te zetten. Ik heb Reza het liefst ver van onze goal, dan kan hij geen goal maken. "

Wachtsje op thúsoerwinning

Nei fjouwer thúswedstriden wachtet SC Hearrenfean noch altiten op de earste thúsoerwinning. Ferline seizoen kaam dy earste oerwinning yn it Abe Lenstra stadion pas op 1 desimber. Mar op basis fan de statistiken kinne de Friezen mei fertrouwen foarútsjen nei it treffen mei PEC Zwolle.

Fan de ôfrûne njoggen kear dat beide ploegen inoar troffen yn it Abe Lenstra stadion yn 'e earedifyzje, wûn Hearrenfean fiif kear. PEC Zwolle wûn ien kear. "Op papier zijn we sterker dan Zwolle. We hebben gewoon de betere spelers."

Opstelling Hearrenfean: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen, Odgaard, Ejuke.

(advertinsje)
(advertinsje)