LIVEBLOG: Cambuur-Excelsior 4-0, mar gjin perioadetitel

04 okt 2019 - 21:00

Wurdt Sportklup Cambuur perioadekampioen? Of wurdt it NAC Breda? Of dochs De Graafschap? Folgje it allegear live fia Omrop Fryslân Radio en fia dizze liveblog.

21:56
Ein fan de blog

Hjirmei komt ek in ein oan dizze blog. De reaksjes fan spilers en trainers kinne je letter dizze jûn weromfine op dizze webside of us app.

21:53
NAC Breda wint mei 1-0

De wedstriid is dien en NAC Breda wurdt perioadekampioen. Cambuur stiet twadde.

  1. NAC Breda 9-22 +10
  2. Cambuur 9-21 +17
  3. De Graafschap 9-19 +13
21:47
Cambuur wint mei 4-0

Mar NAC Breda is noch dwaande.

21:43
Noch 2 minuten

Cambuur bliuwt better, Excelsior-spiler Ebicilio-spiler hie read hawwe moatten neffens kommintator Andor Faber, mar krijt it net. Kallon wurdt man fan de wedstriid, sa wurd omroppen.

21:41
Noch 7 minuten

De ploech fan Boalserter Pele van Anholt en direkteur Luuc eisenga fan Frjentsjer liket de perioadetitel te pakken. NEC set wol oan en krijt wat kânskes, dus spile is it noch net.

21:38
4-0

Jarchinio Antonia makket 4-0. De debutant falt yn en prikt der noch ien yn.

21:32
Bale, mar...

...gjin man oer boerd fansels. Cambuur komt sa op it twadde plak te stean en dat betsjut oan de ein fan dit seizoen promoasje. Dt jier promovearre der twa ploegen streekrjocht nei it heechste nivo,

Noch altyd 3-0 by Cambuur trouwens.

21:29
Virtuele stân

  1. NAC Breda 9-22 +10
  2. Cambuur 9-21 +17
  3. De Graafschap 9-19 +13
21:27
Van Hooijdonk docht it

Sidney van Hooijdonck makket mei in knap skot fan de rânne fan de sechstjin meter de 1-0 foar NAC Breda en mei dizze stân wint NAC de earste perioade.

21:25
Noch 23 minuten

Oh nee, NAC Breda makket 1-0.

21:19
Noch altyd goeie tuskenstânnen

It sjocht der noch altyd goed út foar Cambuur. Sille we De Graafschap mar opjaan? Dy moatte mei 4-0 winnen, mar it stiet yn Doetinchem noch altyd 0-0 tsjin Almere City,

NAC Breda-NEC is noch altyd 0-0. NAC skoarde wol, mar it wie bûtenspul. NEC rekke dêrnei de peal. Spannend dus.

  1. Cambuur 9-21 +17
  2. NAC Breda 9-20 +9
  3. De Graafschap 9-19 +13
21:04
We folgje NAC-NEC op de foet

Folgje it live radio-kommintaar fia dizze link: https://www.omropfryslan.nl/live/omrop-fryslan-radio

We binne by de wedstriid fan Cambuur, mar mominteel belangriker noch: Fabian Eijkhout fan Omroep Brabant sit by NAC-NEC. Dêr is it noch altyd 0-0.

21:01
We binne weer los wees wel

De twadde helte by Cambuur-Excelsior is los.

20:46
Sherida Spitse

Undertusken hat it Nederlânsk frouljusteam it dreech. Se stiene nei hast 80 minuten op 2-2 yn it WK-kwalifikaasjeduel yn Slovenië. Mar Sherdia Spitse skoart efkes twa kear. De 2-3 en 2-4. Nederlân wint dan ek mei 2-4 en docht goeie saken yn de pûlfaze.

20:45
It is rêst

Cambuur giet hearlik oan de tee. Se spylje Exceslior hielendal fuort en stean nei 45 minuten mei 3-0 foar en hat virtueel de perioade te pakken:

Virtuele stân:

  1. Cambuur 9-21 +17
  2. NAC Breda 9-20 +9
  3. De Graafschap 9-19 +13
20:42

8700 takôggers sjogge dat Oratmangoen de 3-0 makket. Ut in korner, nei in fraaie lob fan Mühren dy't mar krekt eart waard, skoart Oratmangoen hiel ienfâldich by de earste peal, neidat ie goed ferlingd waard mei de holle troch Mühren by de earste peal

20:41
3-0!!!

Oeratmangoen makket 3-0!!!

20:31
De goal

Kallon mei in goeie aksje oer links, Exceslior wurket net goed fuort en âld-Excelsiorspiler Van Deelen sjit op goal. Trije spilers fan Excelsior krije de foet der net tsjinoan en rollet de goal yn de koarte hoeke.

Virtuele stân:

  1. Cambuur 9-21 +16
  2. NAC Breda 9-20 +9
  3. De Graafschap 9-19 +13
20:30
2-0!!!!!

Cambuur makket al nei in heal oere 2-0. It is Jordy van Deelen.

20:24
Virtuele stân

  1. Cambuur 9-21 +15
  2. NAC Breda 9-19 +9
  3. De Graafschap 9-18 +13
20:23
Mei dizze stân...

...stiet Cambuur boppe-oan. Yn de perioade. En yn de stân fan de kompetysje sels.

20:20
1-0!!!!

Jamie Jacobs makket de 1-0.

20:17
Cambuur set oan

Cambuur is better. Echt hiele dikke kânsen krijt it noch net, mar Cambuur is de bettere ploech. Al sakket de wedstriid no efkes yn. En in giele kaart foar Cambuur-spiler Akoy.

20:15
Penalty??

Hie Cambuur in penalty ha moatten? Skiedsrjochter Kamphuis fynt fan net, mar de bal like wol oer de earm fan in Excelsior-spiler te gean.

20:10
De stân

Cambuur moat dus winne, NAC Breda mei net winne en De Graafschap mei net mei tefolle doelpunten ferskil winne. Dit is hoe't de stân is as der no ôffluite wurde soe:

  1. NAC Breda 9-19 +9
  2. Cambuur 9-18 +14
  3. De Graafschap 9-18 +13
20:08
Spul golfet hinne en wer

In aardich begjin fan de wedstriid. Beide ploegen al in corner. Echte kânsen hawwe we lykwols noch net sjoen.

20:01
We binne los

  • NAC-NEC
  • De Graafschap-Almere City
  • Cambuur-Excelsior

We binne begûn yn de trije stadions, dêr't in ploech perioadekampioen wurde kin.

19:42
Hoe is it mei de spanning yn Breda?

Tidens de wedstriid ha we kontakt mei ferslachjouwer Fabian Eijkhout fan Omroep Brabant. As der skoart wurdt of oare bisûnderheden binne, dan melde we dat tidens us radio-útstjoering,

De priis foar de earste perioade is yn elts gefal oankaam yn Breda. By de ferkearde klup miskien? ;)

19:30

Ferslachjouwer Andor Faber docht aanst ferslach fan de wedstriid Cambuur-Excelsior. Neffens syn "ûndersyk" tinke de measten dat it jûn gjin feest wurdt.

19:26
Opstelling Excelsior

De opstelling fan Excelsior is ek bekind. Bij de nûmer fjouwer fan de Keuken Kampioen Divyzje twa âlde bekinden. Ald-Cambuurspiler Sander Fischer is de oanfierder fan Excelsior. Ek Rai Vloet stiet yn de basis.

19:24
Opstelling SC Cambuur

Cambuur begjint mei deselde alve spilers as ferline wike. Dus wer mei Akoy yn de basis. Jarchinio Antonia, dy't in pear wiken oerkaam út Cyprys, sit foar it earst op de bank.

19:13
De senario's

Der binne jûne trije klups dy't perioadekampioen wurde kinne. De perioadekampioen is al wis fan in plak yn de play-offs foar promoasje nei de Earedivyzje. It giet om NAC Breda, Cambuur en De Graafschap. Hoe dat krekt sit: lês it hjir: Wat binne de senario's?

19:09
Ah goeie

Goeiejûn, Cambuur kin foar it earst sûnt twa-en-in-heal jier wer perioadekampioen wurde. Sels moatte se dan winne fan Excelsior. Fan 20.00 oere ôf dogge we live ferslach op de radio, mar dat is ek online te folgjen fia dizze link. Andor Faber docht ferslach.

(advertinsje)
(advertinsje)