Vredeman de Vries priis foar Elmo Vermijs mei ûntwerp 'Gegrond'

Elmo Vermijs hat mei syn ûntwerp 'Gegrond' dit jier de Vredeman de Vries priis wûn. De twajierlikse provinsjale priis foar foarmjouwing waard freedtemiddei útrikt op it Provinsjehûs troch deputearre Sietske Poepjes. Vermijs ûntfangt 5.000 euro foar syn bysûndere ûntwerp.
© Provinsje Fryslân
Gegrond is de titel foar twa wurken: Geluidsspiegel en Perspectief fan it Oerol Festival yn 2018, oer de Skylger polder. Elmo Vermijs ûndersocht, mei de greidefûgels as graadmjitter, it wolwêzen fan it âlde kultuerlânskip dat ûnder druk stiet. It resultearre yn in lûdsspegel en in tentoanstelling foar 7.500 besikers.
Mei de Vredeman de Vries Priis foar foarmjouwing wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân.
Hans Vredeman de Vries waard yn 1572 berne yn Ljouwert. Hy wie ûnder mear arsjitekt, keunstner en keunstteoretikus. Hy hat in soad betsjut foar de arsjitektuer yn West-Europa.