Ljouwert: iensumens bestride mei kultuer

04 okt 2019 - 17:48

Ljouwert wol 50.000 euro stekke yn twa grutte en fiif oant sân lytse projekten tsjin iensumens. Neffens de gemeente komt iensumens in protte foar yn Ljouwert. Goed 40 persint fan de ynwenners hat dêr wolris mei te meitsjen.

Takom wike is de wike fan de iensumens, dan wurdt der ekstra omtinken jûn oan it tema. Ljouwert wol de 50.000 euro subsydzjejild stekke yn kulturele projekten dy't iensumens besprekber meitsje, of liede ta ekstra sosjale kontakten, sa as bygelyks de grutte haakte tekken dy't ferline jier makke waard yn it ramt fan LF2018. Doe waarden mear as 10.000 tekkens makke, troch frijwilligers yn sawat 50 lannen.

Tamara Schoppert is oansteld as artistyk koördinator. Op sneon 30 novimber wurdt bekend makke hokker projekten in bydrage krije.

Foto: Facebook, De grootste gehaakte deken van de wereld

Artistyk koördinator Tamara Schoppert

Trefwurden: 
Ljouwert kultuer iensumens
(advertinsje)
(advertinsje)