Noppert ûnderút yn achtste finales by Players Championship yn Dublin

04 okt 2019 - 17:26

Danny Noppert fan De Jouwer hat freedtemiddei de achtste finales helle fan it 27ste Players Championship yn Dublin. By de lêste sechtsjin gie de 28-jierrige darter mei 6-5 ûnderút tsjin Ryan Joyce, nei't er earder noch in 5-2 foarsprong hie.

Foto: Orange Pictures

Earder op de dei wûn Noppert wol fan Darren Webster (6-1), Stephen Burton (6-2) en Steve West (6-5). Ferline jier pakte de Jouster syn earste winst op in fliertoernoai yn Dublin. Yn de finale fersloech er doe de Ingelskman Ian White mei 6-4. It wie de earste titel foar de Jouster by de Professional Darts Corporation.

World Grand Prix

Sneon wurdt noch it 28ste Players Championship hâlden. In dei letter begjint yn Dublin it telefyzjetoernoai de World Grand Prix. Danny Noppert fan De Jouwer komt moandeitejûn yn aksje tsjin Daryl Gurney, de nûmer trije fan de wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)