Twa moanne sel foar wytplantaazje Grou

04 okt 2019 - 16:55

In 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert, dy't in wenning yn Grou hierde dêr't yn april drugs fûn waard, is freed feroardiele ta in selstraf fan twa moannen. Trije oare fertochten waarden frijsprutsen.

Foto: Pixabay

De offisier fan justysje hie trije moanne sel easke foar alle fertochten. De manlju seine dat se allinnich op besite wiene, se wisten neat fan de himpkwekerij dy't letter fûn waard. Nettsjinsteande der in griene oanslach op har skuon siet, en se nei himp rûkten, wie it net genôch foar de rjochter om se te feroardielen foar belutsenheid by de kwekerij.

De plysje die op 3 april in ynfal yn de wenning oan de Oostergowei, nei't omwenners klage hiene oer it gebou.

Trefwurden: 
himp justysje plantaazje
(advertinsje)
(advertinsje)