15-jierrich famke al seis dagen fermist yn Ljouwert

04 okt 2019 - 16:48

De plysje is op syk nei de 15-jierrige Chalisa Hokhoe út Ljouwert. It famke is ôfrûne sneon foar it lêst sjoen.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de plysje is der reden foar soargen. Chalisa hie in swarte broek en wite sneakers oan. Ek hie se in pears/swarte jas mei. It famke is foar it lêst sjoen op it stasjon fan Ljouwert.

Foto: Politie Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)