Miljoenewinst foar ierappelprodusint HZPC

04 okt 2019 - 16:08

De omset fan ierappelprodusint HZPC is ferline jier mei 47 miljoen euro omheech gien. Dat makke it bedriuw tongersdei bekend op de eigen oandielhâldersgearkomste.

Ierappels - Foto: Shutterstock.com

De totale omset fan HZPC oer 2018/2019 is 350 miljoen euro, it jier dêrfoar wie it noch 303. Ek it nettoresultaat gie omheech: fan 4,7 nei 9,4 miljoen. Neffens Gerard Backx, de CEO fan HZPC Holding, wie 2018/2019 in bysûnder jier. It bedriuw hie opnij te krijen mei in tige waarme en drûge simmer. Hjirtroch wie de opbringst de bunder leger as gewoan.

De delgong fan it folume yn Europa is kompensearre troch it omheechgean fan it folume yn Amearika en Azië.

Trefwurden: 
ierappels HZPC
(advertinsje)
(advertinsje)