Bysûndere spjelde foar boade yn Noardeast-Fryslân

04 okt 2019 - 15:52

It gebrûk komt út de midsiuwen wei, en wurdt sûnt koart wer yn eare wersteld yn Noardeast-Fryslân: in boadebus. In spesjale spjelde dy't gastfrijheid útstriele moat.

Foto: Omrop Fryslân

Boaden yn de midsiuwen moasten berjochten oerbringe, en hiene in houten of koperen bus oan harren riem te hingjen. Fan de fyftjinde iuw ôf waard der in skyld oan de boadebus taheakke, mei it wapen fan de ynstânsje. Yn de rin fan de tiid feroare de boadebus fan in echte bus nei in ynsynje.

Yn de eardere gemeente Dongeradiel waard de boadebus noch gauris brûkt, en no dus ek wer yn Noardeast Fryslân. Boargemaster Hayo Apotheker spjelde de boadebus tongersdei foar it earst op by boade Simon Vellema.

(advertinsje)
(advertinsje)